
Skriuwen · 15 apr 2021
Tekst ynfiere sûnder toetsen
Tap: it draachbere toetseboerd en de mûs
Dizze moanne kaam der in bysûnder stik wearable tech by my oan om út te probearjen: de Tap Strap. Do draachst de Tap Strap om dyn fingers en hy werkent tikken en bewegingen. Hjirmei kinst dyn kompjûter bestjoere en dêrop typen sûnder mûs of toetseboerd!



De Tap Strap ferbynt fia Bluetooth mei elke kompjûter, tablet of tillefoan, krekt as elk oar toetseboerd of elke oare mûs. Der binne gjin bysûndere drivers of software nedich, útsein dat do leare moatst hoe't it ding wurket. Do draachst de strap troch dyn fingers troch ringen te stekken dêr't sensors yn sitte. Dy sensors wurkje gear om tikken en bewegingen te werkenne. It weaget hast neat en dyn hûd kin maklik sykhelje troch de elastyske stof.


Ik hie gjin muoite om de Tap Strap oan 't wurk te krijen mei myn iPad Pro. Mei special Tap Strap apps kinst leare hoe't der mei om te gean of spultsjes dermei spylje. It apparaat sels jout gjin feedback of ynstruksjes oer hoe't it brûkt wurdt. Dêrom hie ik in frij steile learkurve, want ik moast ferskate ‘ritmes’ en ‘akkoarden’ ûnthâlde.

Krekt as by piano of gitaar spyljen leare kinst hjir goed yn wurde. Ik haw ferhalen lêzen fan minsken dy't mei Tap flink fluch leard hawwe te typen, oant 20-30 wurden per minút. De Tap Strap leit it potinsjeel op dyn fingers, letterlik.

As tsien-fingertypist soe ik myn toetseboerd foar neat oars ruilje: dan wiene jierren fan ûnderfining en training foar neat west. Ik sjoch it potinsjeel fan de Tap Strap earder yn wat oars as in toetseboerd of mûs. Gebrûk yn augmented en firtuele realiteit liket in fanselssprekkende kar, want it kin de bewegingen fan dyn fingers digitalisearje, sels in sêfte tik.

Konklúzje
Gewoane toetseboerden besteane al tsientallen jierren, mar troch moderne miniaturisaasje kinne se oanfolle of sels ferfongen wurde troch wearable technology.
De Tap Strap lit dizze ferskowing op in elegante en moaie manier sjen. Mei sokke technology kinst typen en bestjoere fier bûten it natuerlike habitat fan toetseboerden en mûzen. Dat is de kaai fan dit berjocht, mei opsetsin.